Publisher's Synopsis
Date, det wie in dreamer.... De heide hie him sa makke, de brune, hearlike, en de moaije simmerloften, dy-t der oerhinne dreauwne en de spjirrebosken, dy-t sa swijgsum wierne en him allinne doch sa'n bulte fortelden.Noait ien scoe 't gewaer wirde, hwet der yn him omgyng. Thús by heite's yn it heidehúske, der de wyn troch de naden pipe en de snieflokken troch de skoarstien kamen en op it fjûr fen skiûwden toraenden, der hjitte hy in apparten ien, in súlle, in wikel ûnder 'e mosken wie 'r. Den trêdde 'r mei syn lange skonken nei beppe's ta, nei âlde Feick, der foun hy hael. Der krige hy omstikken brea mei sjerp en boekweitengroat mei lollemansstip, der fûrre hja him by stikjes en bytsjes mei de swietekou fen 'e poëzij en der tarde hy den wer wiken op. Den hiene hja it oer âlde tiden en hwet hjir omgien wie yn dizze streken en as beppe mar bigoan fen; "ús pake plichte to sizzen", den wist Date it oare wol. Den gyng hy foar 't fjûr sitten to pluchsnijen for Lútsen skoenmakker en beppe krige de skieppegrouwen hoas op en stiek de priem yn 'e breidské, mar fensels, oan 't breidzjen kaem hja net ta!